Blombollen foar de pastorytún

De 120 bern fan de Sint Gregoriusskoalle hawwe tiisdei 15 febrewaris yn fjouwer groepen ámers fol blombollen yn de pastorytún plante.

No wachtsje oant se opkomme, dan is Blauhús in fleurige stinzetún riker.

De bollen binne beskikber steld yn it kader fan 10 jier Súdwest-Fryslân.